Lêstige dronkaard nei it buro

14 jul 2002 - 00:00

In 53-jierrige dronken Jouster hat de plysje sneon aardich wat wurk besoarge. De plysje hâlde him yn Wolvegea oan. Doe't bliken die dat er dronken hie, woe de plysje him meinimme, mar hy wraksele tsjin en begûn te skellen. Dêrop waard de automobilist yn de boeien slein. Underweis nei it buro skopte er om him hinne. Op it buro wegere er te blazen foar in asemtest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)