'Lytse mar iepen foar boaten'

09 mrt 2012 - 14:06

De gemeente Súdwest-Fryslân moat it plan 'Lytse Marren' sa gau mooglik út it laad helje. Dat skriuwe trije Boalserters oan it kolleezje fan b. en w. Doel is om de Aldegeaster Brekken tusken Heech, Drylts en Boalsert tagonklik te meitsjen foar boatsjes. It plan is troch de âlde ried fan Boalsert oannommen en dy hat foar de realisaasje in ton ynbrocht yn de nije gemeente SWF.

Der soene ek kuier- en fytspaden yn it gebiet oanlein wurde. Inisjatyfnimmer Jo Hamburger kaam derachter dat it plan yn gjin fan de plannen fan SWF foarkomt.

Hoe't it krékt sit mei it plan witte se op it stêdhûs net. It wurdt útsocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)