Nij Frysk rekord by fierljeppen

14 jul 2002 - 00:00

Fierljepper Piet Scherjon hat sneon op It Heidenskip in nij Frysk rekord by de jonges behelle. De Burgumer sprong 16.98 meter.

It skeelt mar in sintimeter of Scherjon hie it Nederlânsk rekord ljept. Dat is 16.99 meter en stiet op namme fan Jarno Knijf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)