Profs winne fan amateurs
De seleksje fan SC Hearrenfean hat sneon mei oermacht in oefenwedstriid tsjin Gaasterlân-Sleat wûn. De amateurs krigen acht goals om 'e earen. By de rêst stie it al 0-5. Selakovic, Samardzic (2 kear), Jensen, Radomski, Nurmela, Denneboom en Kolk skoarden yn Bakhuzen.
Cambuur wûn dit wykein yn Aldwâld fan it Regioteam mei 6-0.