Auto-ûngelok by Surch

13 jul 2002 - 00:00

Fjouwer minsken binne sneontemiddei ferwûne rekke by in auto-ûngelok op de N31 ûnder Surch. De Grinslanners wiene per auto ûnderweis nei Harns om dêr it fear nei Skylge te nimmen.

Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de auto fan 'e dyk en ramde in ANWB-rjochtingoanwizer. De bestjoerder is mei in helikopter oerbrocht nei it Grinzer AZG.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)