Homo's folderje tsjin Open Deur

13 jul 2002 - 00:00

Leden fan homo-organisaasje COC dielden freedtejûn protestfolders út by de evangelisaasjetinte De Deur yn Ljouwert. Se binne lilk oer útspraken fan de Súd-Afrikaanske evangelist Van Diermen dy't preket yn de tinte. Hy sjocht homoseksualiteit as grut kwea.

De tinte op it Frijheidsplein yn Ljouwert stiet der noch oant snein. Tûzenen leauwigen wenje de tsjinsten by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)