Bioboeren kinne molke net kwyt
In twintich Frysk bioboeren sitte yn swier waar om't se de molke net mear kwyt kinne. It fabryk yn it Brabânske Molenschot is hast fallyt en nimt neat mear oan. Guon boeren hawwe de molke al rinne litten.
Jierliks leverje de Fryske bioboeren goed 4 miljoen liter oan Brabân. Se tinke deroar om it fabryk sels oer te nimmen.