Natuerbeskermingswetten ûndúdlik
It regear en 'Europa' moatte nedich wat dwaan oan de natuerbeskermingswetten yn Nederlân. Dat fynt de feriening foar ûndernimmers VNO/NCW. De regels binne ûndúdlik en sprekke inoar tsjin. Sa wit gjinien hoe't it krekt sit, as der boud wurdt yn in stik natuer.
As in seldsum bist of plantsje fûn is, rint it alhiel út 'e hân. Dan komme der lange prosedueres, sa VNO/NCW.