De Boer offisjeel boargemaster

12 jul 2002 - 00:00

Margreeth de Boer is freedtemiddei troch it kabinet offisjeel ta boargemaster fan Ljouwert beneamd. De 63-jierrige De Boer wie sûnt 1 novimber ferline jier waarnimmend boargemaster nei it opstappen fan Loekie van Maaren.

De Ljouwerter ried hie har yn grutte mearderheid foardroegen as nije boarge- master. Der wie fan te foaren wol krityk op de sollisitaasjeproseduere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)