Parnas beneamt 'fereffenaar'

09 mrt 2012 - 12:53

It bestjoer fan keunstesintrum Parnas yn Ljouwert hat Hans van Mossevelde oansteld as 'fereffenaar' om de likwidaasje fan Parnas yn goeie banen te lieden. De gemeente Ljouwert hat de subsydzje foar it keunstesintrum stopset en dat betsjut dat it slute moat. De 120 meiwurkers krije ûntslach.

De minsken yn tsjinst fan 'e gemeente Ljouwert wurde op in oare ôfdieling ûnderbrocht. Parnas slút fan 't simmer definityf. Van Mossevelde bliuwt oant Parnas oan alle ferplichtings foldien hat.

Van Mossevelde is ynterim-manager. Hy wie earder ek ynterim-direkteur fan muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)