Lêste healjier minder wurkleazen
It tal wurkleazen yn Fryslân is it ôfrûne healjier mei 11% tebekrûn. Yn ferliking mei de provinsjes Grinslân en Drinte is dat de grutste ôfname fan hiel Noard-Nederlân.
De sifers oer it hiele ôfrûne jier litte in oar byld sjen. Dêr is sprake fan in taname fan 5,3%. Dat docht bliken út sifers fan it Sintrum foar Wurk en Ynkommen (CWI).