It giet goed mei de greidefûgels
It giet goed mei de greidefûgels yn de fûgelreservaten fan Natuermonuminten yn de Greidhoeke. It tal ljippen, skriezen en tsjirken is tanaam. Yn it boerelân om de reservaten hinne waarden de ôfrûne moanne in soad skriezejongen sjoen.
Dat betsjut neffens Natuermonuminten dat dat boerelân fan grut belang is foar de fûgels.