Foarljochting oer alkohol
De jierlikse foarljochtingskampanje tsjin alkoholgebrûk ûnder jongerein is tongersdei fan start gien. De GGD yn Fryslân en de Kuno van Dijk stifting wolle sa de jongerein wize op de gefolgen fan alkoholgebrûk.
Dat is neffens har ek wol nedich om't ôfrûne wike noch twa famkes fan 14 jier mei in swiere alkoholfergiftiging yn it sikehûs bedarren.