Alle skûtsjes binne goedkard

© Omrop Fryslân
Alle fjirtjin skûtsjes binne goedkard. De skippen binne foarôfgeand oan it SKSsilen dat sneon begjint kontrolearre. Elk skip foldocht oan de easken. It is foar it earst dat dêr in pear dagen al dúdlikheid oer is.
Earder wie it faak noch in hiele put om te soargjen dat de skippen oan de regels foldienen. Uteinlik mochten alle skûtsjes altyd wol starte.