Schievink oer de 18 meter

10 jul 2002 - 00:00

Henk Schievink hat tiisdei mei oermacht it fierljeppen yn Gryptsjerk wûn. De Burgumer wie mei in sprong fan 18.43 fierwei de bêste.

It wie de earste kear dit seizoen dat in topklasser oer de achttjin meter kaam. Junior Bart Helmholt kaam yn syn buert mei 18.03. De froulju ljepten ek fier. Jantina de Vreeze fan Blauhûs kaam op 14.90.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)