Ein ferkeap griene oandielen
Troch de plannen fan it nije kabinet wurdt ynvestearje yn griene stroom minder oantreklik. It belestingfoardiel wurdt leger.
Yn neifolging fan oare banken hâldt ek de Friesland Bank op mei de ferkeap fan saneamde griene oandielen. De bank ferkocht it fûns fan de Triodosbank en dy hâldt dermei op. It fûns ynvestearre yn miljeufreonlike projekten.