Bredere oanpak fan húslik geweld

© Omrop Fryslân
In proefprojekt tsjin húslik geweld wurdt oankomme jier útwreide oer de hiele provinsje. Oant no ta rûn it inkeld yn it Noardeast-Fryslân.
Maatskiplik wurk en de plysje besykje tegearre dúdlik te meitsjen dat der wat barre moatte tsjin slaanderij thús. Sa hawwe helpferlieners de mooglikheid de plysje te fertellen hokker famyljes yn swierrichheden sitte.