Seisbierrumer 8e yn Kennisquiz

© Omrop Fryslân
De 13-jierrige Benjamin Broekhuizen út Seisbierrum waard moandei achtste yn 'e finale fan de Achmea Kennisquiz. Yn dizze kwis strieden de 12 bêste brêge- klassers út Nederlân om it earste plak.
De VWO-learling fan RSG Simon Vestdijk yn Harns waard earst al bêste brêge- klasser fan Fryslân. Oan dy foarronde diene 150 Fryske bern mei. Benjamin hat seis wike lang goed it nijs byhâlden.