Tinte-revivals sette útein

© Omrop Fryslân
In grutte tinte waard moandei opset oan it Vrijheidsplein yn Ljouwert. De tinte wurdt brûkt foar de 'tent-revival' fan evangeeljegemeente De Deur.
De Deur is oprjochte troch pastoar Van Diermen. Hy is spesjaal út Súd-Afrika kommen om yn Ljouwert te preekjen. Mei it bywenjen fan de preek hoopje guon minsken better te wurden of befrijd te wurden fan ferslavings of depresjes.