Byb Dronryp mooglik ticht
Yn Menameradiel begjint opnij in diskusje oer de bibleteken. Ferline jier koe sluting fan de lêste bibleteek fan de gemeente yn Dronryp noch keard wurde. No komt it kolleezje fan b. en w. opnij mei plannen om te snijen. De gemeenteried praat der nije wike noch wiidweidich oer, mar ferantwurdlik wethâlder Marten van Asperen wol it leafst allinnich saneamde 'Lytse bybs' oerhâlde yn Dronryp, Menaam en Berltsum.
Yn sokke bybs steane minder boeken en se binne ek mar beheind iepen. De besparring is dan 26.000 euro.