Rappe riders op de bon
Twa rappe riders binne snein op de A32 by Aldeholtpea fan de dyk helle troch de plysje. De bestjoerders rieden mei in faasje fan 170 kilometer. Der siet mar fiif meter tusken beide auto's.
It die bliken dat de auto's by elkoar hearden. De sjauffeurs, in man fan 28 jier út Donkerbroek en in man fan 41 út Easterwâlde dienen in spultsje. Se krigen proses-ferbaal.