Lang om let winst foar Minnesma

07 jul 2002 - 00:00

Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra hawwe nei sân finales dochs in kear wûn. Dat wie snein yn Ljouwert by Keatsferiening OG Huzum. Se fersloegen it patuer Johan Abma, Tjitte Bonnema en Daniël Iseger mei 5 om 1 en 6-4.

It trio Klaas Berkepas, Dirk-Jan van der Woud en Teake Triemstra krige de lytse preemje. Simon Minnesma waard ta kening fan de partij útroppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)