Laven 37e op EK triatlon

07 jul 2002 - 00:00

André Laven fan Drachten is op it EK triatlon yn Hongarije op it 37e plak einige. De titel yn Györ gie nei de Spanjaard Ivan Rana. Hy klokte in tiid fan 1.47.46.

De atleten moasten oardel kilometer swimme, 40 km fytse en 10 km drave. Laven finishte yn 1.53.16. Hy wie net ûntefreden mei dat risseltaat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)