Fuotgonger deariden op A6

07 jul 2002 - 00:00

By De Lemmer is sneontenacht in deadlik ferkearslachtoffer fallen. It giet om in jonge fan 15 jier út Apeldoorn. Hy rûn mei in 21-jierrige man út Wenum Wiesel by de A6 lâns nei Emmeloord.

Dêr waard de 15-jierrige oanriden troch in buske, bestjoerd troch in ynwenner fan De Meern. It slachtoffer hearde by in groep fuotballers dy't op De Lemmer útfanhûzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)