Striid om Bullepolder giet troch

07 jul 2002 - 00:00

Ljouwert jout de striid om de Bullepolder net oer. De gemeente lit no in juridysk adviseur besjen wat noch mooglik is. Dêrby wurde ek de provinsje en de projektûntwikkelder belutsen.

De bestjoersrjochter hat de oanlis fan in fillawyk yn de polder freed ferbean fanwege de Europeeske Fûgelrjochtlinen. De polder is in sammelplak foar guozzen en dat komt yn gefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)