Iepen kampioenskip ielrikjen
It seizoen fan it ielrikjen is sneon wer út ein set mei it iepen Frjentsjerter kampioenskip. 23 dielnimmers hiene har foar dizze sechsde edysje ynskreaun. Der wiene sels dielnimmers út Noard-Hollân.
De sjuery hat de iel kard op smaak, kleur en hoe goed at se himmele binne. De uteinlike winner waard Zuidema fan Middenmeer (Noard-Hollân).