Alvestêdetocht fan dammers

© Omrop Fryslân
Damklub De Skyfkes út Blauhûs hold sneon in Damalvestêdetocht. De 30 leden reizgen per bus fan stêd nei stêd. Se begûnen yn Dokkum om 7.00 oere. Op in sintraal plak yn de bûtenloft spilen de dammers tsjin elkoar.
Trije jier lyn yntrodusearre de klub ek al wat oars as oars: beachdamme op it strân en yn de Iselmar by Hylpen. Alle leden binne om-en-de-by tritich jier.