Orkest op 'e fyts troch Fryslân
It Ricciotti Ensemble makket op 31 july in muzikale fytstocht troch Fryslân. Fiif jier ferlyn die it 40-koppige orkest ek al de Alvestêdetocht op de fyts.
It orkest fytst no fan Drylts oer Warkum, Starum, Warns nei Riis. Op alle plakken sille se spylje. Bennie Huisman giet mei op 'e lisfyts. It 'Ricciotti' is gearstald út jonge musisi.