Haider tsjin Sloveenske radio

© Omrop Fryslân
Gouverneur Haider fan Karinthië hat wer spul mei de Sloveenske minderheid yn syn dielsteat. Jörg Haider wol dat de deistige Sloveenske radio-útstjoerings fuortendaliks ophâlde 'yn it belang fan 'e regio'. De steatsomrop betellet de Sloveenske útstjoerings, Haider hat no easke dat de ORF dêrmei ophâldt. Haider is lulk op de Slovenen omdat dy twatalige plaknammeboerden wolle.