Spulwike fiert jubileum
De Spulwike fan de gemeente Littenseradiel fiert it 30-jierrich jubileum mei in rekordtal dielnimmers. 660 bern sammelen harren freed foar in optocht yn Wommels.
Fan dêrút waarden se mei trekkers en weinen nei Winsum en Mantgum ta brocht. Dêr stean njonken spultsjes ek teater op it program. Sneon is der in reuny foar âld-dielnimmers.