Fjoerwurk taboe yn stiltegebiet

© Omrop Fryslân
It moat dien wêze mei it ôfstekken fan fjoerwurk yn natuergebiet de Alde Feanen. Natuerorganisaasjes hawwe by it oerlisorgaan 'Nasjonaal Park yn Oprjochting De Alde Feanen' oantrune op aksje, om't it giet om in stiltegebiet.
De omlizzende gemeenten hawwe tasein mear te kontrolearjen. Ek sille toeristen better foarljochte wurde oer it natuergebiet de Alde Feanen.