Te min fakânsjehelp thússoarch

© Omrop Fryslân
Thússoarch Het Friese Land is der noch net yn slagge genôch fakânsjekrêften oan te lûken. Der binne no 30 minsken te min. Neffens direkteur Ny Lunsing leit it net oan de kampanje. Der binne dit jier mear krêften nedich, om't der ferline jier 1000 minsken ekstra holpen binne.
De ferpleging is garandearre, mar yn in tal gefallen is der minder faak help.