Middel oan it wurk by NHL

04 jul 2002 - 00:00

Bert Middel (50) fan Kollum is beneamd ta lektor oan it ynstitút Soarch en Wolwêzen fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Middel wie jierrenlang lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.

Middel sil by de NHL lieding jaan oan in saneamde Kenniskring, besteande út dosinten en praktyksaakkundigen. Hy sil him dwaande hâlde mei hjoeddeistige sosjale en maatskiplike problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)