Sloop bargemesterij Nij Beets
De sloop fan de bargemesterij yn Nij Beets is wer oppakt. Nei't asbest oantroffen wie, wie it wurk dellein. De asbest wie op it lân fan de buorlju oan de Leppedyk telâne kommen.
It sloopbedriuw hat in plan makke sadat it ferwiderjen fan de asbest better kontrolearre wurdt. Neffens de gemeente is der gjin gefaar mear foar de folkssûnens.