Nêsten fuort troch heech wetter

© Omrop Fryslân
In grut tal fûgelnêsten op Skylge is fuortspield troch it hege wetter. De koloanje blaustirnzen (zwarte stern) mei 500 briedpearen is ferlern gien.
Ek fan de leppelbekken (lepelaars) is in tal nêsten fuortspield. Der is dit jier in rekord oan leppelbekken op it eilân. Trije jier lyn wienen der in soad nêsten. Dy fûgels binne folwoeksen en komme werom nei Skylge om te brieden.