Frou ferwûne by botsing

04 jul 2002 - 00:00

In frou fan 57 jier út Warns is woansdei by in ferkearsûngelok ferwûne rekke. Op de Sudergoawei by Parregea waard se oanriden troch in oare wein, bestjoerd troch in frou út Arnhem.

De oanriden auto sloech oer de kop en kaam yn de berm telâne. De frou siet beknypt. Se is nei it sikehûs brocht. De ynsittenden fan de oare auto binne nei de earste help brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)