Topdrokte by GGD Fryslân
It is smoardrok by de faksinaasje- ôfdieling fan de GGD Fryslân. Minsken dy't op fakânsje sille, komme yn dizze tiid massaal prippen heljen. It giet benammen om fakânsjegongers nei Turkije dy't op advys fan it reisburo harren ynintsje litte.
De sprekoeren foar july en augustus sitte op alle fjouwer priplokaasjes fol. Dat jildt ek foar de ekstra oeren.