Seehûnefirus wreidet út
Der binne de ôfrûne dagen wer in pear deade seehûnen oanspield by Harns, Surch, Skylge en it Amelân. Se binne mooglik ferstoarn oan it seehûnefirus dat yn Skandinavië in soad seehûnen it libben koste hat.
By de seehûnekresj yn Pieterburen binne tsien meldingen binnen kommen oer deade seehûnen.