Van der Heide: wiis mei ONS

© Omrop Fryslân
Fuotbalspiler Sandor van der Heide is bliid dat er út it beropsfuotbal stapt is. Hy hat skjin syn nocht fan it betelle fuotbalwrâldsje. Van der Heide soe dit seizoen fuotbalje by Mannheim yn Dútslân, mar heakke foar de twadde kear ôf. Hy kin net aardzje yn Dútslân en rekke al yn't foar yn panyk.
Van der Heide sil no by ONS yn Snits spylje, dêr kin er op 'e fyts hinne.