Tunnel ticht fanwegen oerlêst

03 jul 2002 - 00:00

It tunneltsje tusken de Skrâns en de Smidsbuert yn Ljouwert wurdt ôfsletten. It kolleezje hat dat besletten om't it plak foar in soad oerlêst soarget. In handikapte frou waard lêsten mishannele.

Ofsluting fan de tunnel is neffens de gemeente de bêste oplossing. It is ûnmooglik om dei en nacht de boel yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)