Bou studintehuzen kin fierder

03 jul 2002 - 00:00

De bou fan de studintehúsfesting oan de Rengersleane yn Ljouwert giet meikoarten fierder. Fanwegen beswieren fan de buert, ûnder oare de eksploitant fan de bernebuorkerij, wie de bou stopset.

De gemeente leit de beswiermakkers út wêrom't de tydlike húsfesting der dochs komt. De húsfesting is nedich foar bûtenlânske studinten. De minsken dy't beswier ha kinne noch yn berop gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)