Gemeente jout begraafplakken oer

© Omrop Fryslân
De twa gemeentlike begraafplakken yn de Fryske haadstêd wurde foar in part selsstannich. De gemeente lit it behear fan it Noarderbegraafplak en dy yn Huzum mear oan de lieding oer. It ûnderhâld kostet tefolle.
De behearders moatte besykje jild te fertsjinjen troch yn te gean op de winsken fan de minsken. Oer fjouwer jier wurdt de privatisearring wer besjoen.