Nije oplieding yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De nije oplieding International Business and Management Studies yn Ljouwert begjint yn septimber. Sa'n fjirtich studinten út it bûtenlân ha har oanmeld.
De ynternasjonale oplieding is in mienskiplik inisjatyf fan de CHN, NHL en it Van Hall ynstitút. De studinten wurde oplaat ta ynternasjonale sakelju. De studinten komme út East-Europa, Azië en Súd-Amearika.