Boeren en Fryske Gea prate wer

© Omrop Fryslân
Boeren yn it bûtendyks lân Noarderleech prate wer mei it Fryske Gea. Beide partijen ha in konflikt oer it behear fan it natuergebiet. It Fryske Gea is al tsien jier dwaande mei ûntwikkeling fan de natuer. Boeren dy't dêr lân ha, binne ûntefreden oer de útkeapregeling.
Mei in bemiddeler is foar it earst sûnt lange tiid wer praat. Nei de simmer geane de petearen fierder.