Grutste rêd draait net, om skeel

© Omrop Fryslân
It grutste rêd fan de wrâld draait foarearst net. Merkeman Rooze hat it koart pleit ferlern tsjin makker Mondial út Terbant. Om't de merkeman de ekstra wurkoeren net betelje woe, woe it fabryk de attraksje net leverje.
It rêd fan 50 meter stiet yn in greide by It Hearrenfean. Yn 1999 is it kontrakt tekene foar de bou fan it rêd foar goed fiif miljoen Dútse marken.