IPC Dier yn swier waar

© Omrop Fryslân
IPC Dier yn Oentsjerk sit finansjeel yn swier waar. De tonglierkrisis spilet de eardere praktykskoalle parten. Ek krijt de skoalle net mear streekrjocht jild fan it ûnderwiisministearje. Skoallen bepale sels hoe't se it jild brûke.
It is noch ûndúdlik oft de problemen konsekwinsjes ha foar it personiel. Se wurde woansdei ynformearre. Der wurkje likernôch 90 minsken by IPC Dier.