Farrûte-app foar wettersporter

Ympressy fan 'e farrûte-applikaasje
Boatsjeminsken kinne mei yngong fan freed in spesjale farrûte-applikaasje ynstallearje op har tabled, smartphone of iPad. Op de app is te sjen wêr't se delfarre kinne en ek wêr't musea, restaurants of histoaryske gebouwen te finen binne. De app is ûntwikkele troch in rekreaasjebedriuw yn Heech.
Dat bedriuw seach dat in soad boatsjefarders it wetter opgeane mei in smartphone of iPad. Mei de app kinne minsken no earst trije rûtes farre, mar it is it doel om dat oantal út te wreidzjen. De app is foarearst fergees.