Start Van der Valk yn Wolvegea
De bou fan in nij Van der Valk-hotel yn Wolvegea set noch dit jier út ein, sa is de ferwachting. Al yn 2000 wiene de plannen foar it hotel mei goed 100 keamers en in tal sealen rûn. Mar de bou duorret dus langer as pland wie.
Ek de plannen foar in Van der Valk yn Snits kinne noch even duorje. Dêr hawwe omwenners beswier yntsjinne tsjin de bou fanwege de natuerwearde fan it plak.