Grinspeal wer omdraaid

01 jul 2002 - 00:00

In soad autoriders kinne mei minder argewaasje nei Grins op en del. By de provinsjegrins oan de A7 is moandei de grinspeal omdraaid. De wapens sjogge no wer de eigen provinsje yn.

Rykswettersteat krige al tweintich jier lang tillefoantsjes fan minsken dy't har steurden oan de peal. Oan skiedend distriktshaad Tilma de ear om har wer tefreden te stellen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)