Plysje wurdt Politie Fryslân
De plysje hat har namme moandei offisjeel feroare yn Politie Fryslân. In nijbouprojekt fan de plysje is de oanlieding om tenei de offisjele provinsjenamme ek te brûken foar de korpsnamme.
De nije namme stiet no al op it kantoar fan de plysje. Wat noch folgje moat binne saken lykas auto's, briefpapier en nammebuordsjes.